🧀 Tsiisaksje foar muzyk én natuer 

Yn july 2026 docht Fanfare Wilhelmina Easterein mei oan it Wrâldmuzykkonkours (WMC) yn Kerkrade, ien fan de grutste en meast oansprekkende poadia foar blaasmuzyk yn ’e wrâld. Dêr spylje wy ûnder oare ús spesjaal foar dizze gelegenheid komponearre muzykstik Limosa Symphonette. Dit wurk fertelt in muzikaal ferhaal oer de Skries, de karakteristike greidefûgel dy’t symboal stiet foar it Fryske lânskip, biodiversteit en de mienskip dêr’t muzyk en natuer byinoar komme.

Om dit bysûndere projekt mooglik te meitsjen, wurdt yn Easterein in tsiisaksje organisearre. De aksje ferbynt kultuer en natuer: in part fan de opbringst is bestimd foar de dielname oan it WMC 2026, in oar part draacht by oan it natuerherstel yn Fryslân, mei bysûndere omtinken foar de Skries, ús Kening fan de Greide.

Moandei 11 maaie komme wy lâns de doar yn Easterein fanôf 18.30 oere.

Wy ferkeapje dan hearlike De Fryske, Belegere kwaliteits­tsiis, produsearre mei omtinken foar natuer en lânskip.
In stik fan ûngefear 450 gram kost € 10,-.

🧀 Dizze belegen tsiis hat by ús yn de aksje deselfde priis as yn’e winkel.
🧀 De tsiis is lang hâldber en kin oant 3 moanne yn ’e kuolkast bewarre wurde.
🧀Dêrom is it ek tige oan te rieden om meardere stikken yn ien kear te keapjen: foar letter gebrûk of as kado.

Mei dizze oankeap:

  • stypje jo ús dielname oan it WMC 2026,
  • helpe jo mei oan it behâld fan it Fryske lânskip en de Skries,
  • én genietsje jo fan in earlik en smaakfol streekprodukt.

🧀 Kaasactie voor muziek én natuur

In juli 2026 neemt Fanfare Wilhelmina Easterein deel aan het Wereld Muziek Concours (WMC) in Kerkrade, een van de grootste en meest aansprekende podia voor blaasmuziek ter wereld. Daar brengen wij onder andere ons speciaal voor deze gelegenheid gecomponeerde muziekstuk Limosa Symphonette ten gehore. Dit werk vertelt een muzikaal verhaal over de grutto (Skries), de karakteristieke weidevogel die symbool staat voor het Friese landschap, biodiversiteit en de gemeenschap waar muziek en natuur samenkomen.

Om dit bijzondere project mogelijk te maken, wordt in Easterein een kaasactie georganiseerd. Deze actie verbindt cultuur en natuur: een deel van de opbrengst is bestemd voor deelname aan het WMC 2026, een ander deel draagt bij aan natuurherstel in Fryslân, met bijzondere aandacht voor de grutto.

Op maandag 11 mei komen wij langs de deuren in Easterein vanaf 18.30 uur.

Wij verkopen dan heerlijke De Fryske, belegen kwaliteitskaas, geproduceerd met oog voor natuur en landschap.
Een stuk van ongeveer 450 gram kost € 10,-.

🧀 Deze belegen kaas heeft in onze actie dezelfde prijs als in de winkel.
🧀 De kaas is lang houdbaar en kan tot 3 maanden in de koelkast bewaard worden.
🧀 Daarom is het ook zeker aan te raden om meerdere stukken tegelijk te kopen: voor later gebruik of als cadeau.

Met deze aankoop:

  • steunt u onze deelname aan het WMC 2026,
  • helpt u mee aan het behoud van het Friese landschap en de grutto,
  • en geniet u van een eerlijk en smaakvol streekproduct.