april, 2018

22apr16:3017:30Slotconcert Blazersklas met Wilhelmini's

Info

Nei de krystfakânsje krigen de jonges en famkes fan groep 5 fan de “Foareker” in bugel fan Wilhelmina. Se ha doe alle moandeitemiddeis op skoalle muzykles fan Andries Kramer hân. It foel earst net ta om gelûd út it ynstrumint te krijen, soms liken it wol oaljefanten,  mar it giet steeds better. Se kinne no ek al  in ferske spylje by in CD. Of allinnich in solo spylje. En it soe samar kinne dat der talentfolle muzikanten tusken sitte.

Op sneintemiddei 22 april sille se hearre litte wat se kinne. Dan is der in slotkonsert fan dizze blazersklas om 16.30 oere yn de Skoalleseize.

It jeugdkorps de Wilhelmini’s docht ek mei oan dit konsert. Dizze muzikanten ha de earste noaten ek yn de blazersklas leard en binne dêrnei  op les gien. En dat hat wol fertúten dien. Jim sille it allegear hearre kinne. Se kinne no meienoar moaie muzyk meitsje. En dat is no krekt sa geweldich.

Elkenien is fan herte wolkom.

Meer

Tijd

(Zondag) 16:30 - 17:30

Locatie

Verenigingsgebouw De Skoalleseize Easterein

't Heechhiem 9/11, 8734 GS Easterein

X